Fries wint 30 miljoen euro

Foar ien Fries is it nije jier poerbêst begûn, want hy of sy hat de haadpriis fan 30 miljoen euro yn de Staatsloterij wûn. Dat meldt de Staatsloterij. It winnende lot waard net fia in winkel ferkocht, mar fia de webside fan de lotterij. De haadpriis fan 30 miljoen is de grutste út de skiednis fan de Staatsloterij, mei-elkoar is 75 miljoen euro oan prizen útkeard.
De jackpot fan 13,2 miljoen is ek fallen, mar net yn ús provinsje. Der binne dit jier 4,2 miljoen lotnûmers ferkocht, dat wie krekt net in rekôr.