Tweintich fjoerwurkferwûnen

01 jan 2014 - 08:28

De Fryske sikehuzen hawwe yn de âldjiersnacht 20 fjoerwurkslachtoffers behannele. Yn de Tjongerskâns op It Hearrenfean kamen hielendal gjin fjoerwurkslachtoffers binnen, dêr wie it wol drok mei oare pasjinten. Yn it MCL kamen 12 fjoerwurkslachtoffers, sy hiene ferwûnings oan de holle, de hannen, de fuotten en de eagen.

Yn it Antoniussikehús fan Snits kamen 34 pasjinten op de earste help, fjouwer dêrfan wiene ferwûne rekke troch fjoerwurk oan hannen of eagen. Se koene nei behanneling wer nei hús. Nij Smellinghe telde fjouwer slachtoffers.

Trefwurden: 
fjoerwurk sikehûzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)