Plysjefrou bedrige yn Drachten

01 jan 2014 - 08:24

In plysjefrou hat yn de âldjiersnacht yn Drachten belutsen west by in konflikt. Neffens boargemaster Van Bekkum wie der sprake fan in poging ta swiere mishanneling. De fertochte is oanhâlden en sit fêst op it plysjeburo, de plysjefrou hat oanjefte dien.

Fierder is de âldjiersnacht yn Smellingerlân frij rêstich ferrûn. Hjir en dêr wiene in pear lytse brantsjes, ûnder oare yn De Rottefalle, dêr rekke in skûtsje yn 'e brân. De brânwacht koe net foarkomme dat it keukentsje fan it skipke útbrânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)