Raard stiet stil by ûngelok

Yn Raard hawwe se yn de nacht fan tiisdei op woansdei stilstien by it slimme ûngelok fan nijjiersnacht ferline jier. Doe ried in auto yn op de minsken dy't stiene te sjen by in freugdefjoer. Santjin minsken rekken doe ferwûne en ien fan harren, in man fan 59, wie der sa slim oan ta dat er kaam te ferstjerren. Op it plak fan it ûngelok, oan de râne fan it doarp, kaam om healwei ienen hinne in grutte groep ynwenners by elkoar om werom te sjen, mar ek om elkoar in goed 2014 te winskjen.