Jierwiksel ridlik rêstich

01 jan 2014 - 04:07

De jierwiksel liket rêstich ferrûn te wêzen yn Fryslân. Der is wer in soad fjoerwurk de loft yn gien, mar ta grutte ûngelokken hat dat yn ús provinsje net laat. En ek by de ferskate feesten en yn de kroegen yn ús provinsje liket benammen de bliidskip om it nije jier de oerhân hân te hawwen. Nettsjinsteande it minne waar, wie it dochs oeral aardich drok. Yn Ljouwert stiene om trije oere hinne noch altyd lange rigen foar de diskoteken en kroegen. Yn Appelskea koene hûnderten jongeren feestfiere yn in grutte seal yn attraksjepark Duinen Zathe.

Trefwurden: 
Ljouwert fjoerwurk jierwiksel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)