Styngeaer (76) langer fêst

It fee yn Stynsgea wurdt ophelle
De 76-jierrige man út Stynsgea dy't oanhâlden is om't hy plysjes bedrige mei in wapen, bliuwt noch 90 dagen langer fêstsitten. Dat hat de riedkeamer tiisdei besletten. De man moast earder al foar de rjochter komme foar it ferwaarleazjen fan syn fee. Doe't hy net opdaagjen kaam, hat de plysje him ophelle.
De man hie him by syn wente ferskûle mei in wapen yn de buert. De Stynsgeaer wurdt no it tarieden fan in levensdelikt en it besit fan in wapen ten lêste lein.