Doeksen bliid mei EVT-útspraak

Paul Melles, direkteur fan rederij Doeksen, is bliid mei de útspraak fan de rjochter dat grutte konkurrint de EVT fan 1 febrewaris ôf net mear op Skylge farre mei. Dy útspraak waard tiisdeitemoarn bekend. Neffens Melles is it fonnis in grutte klap foar de EVT.
Ut de skroeven is Melles noch net om't de EVT in spoed-appèl oanfreegje wol tsjin in fonnis fan de rjochter. Dat soe de saak mooglik noch wer feroarje kinne.