Gjin stipe foar plannen 't Var

31 des 2013 - 14:43
  • It gebou fan 'e Rie fan Steat yn Den Haach

Jachthaven 't Var yn Heech hat gjin stipe krigen fan de Ried fan Steat yn har beswieren tsjin it nije bestimmingsplan 'Oer de Graft' fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De jachthaven hie graach sjoen dat yn it plan ek in opsje foar rekraasjeplakken opnommen wie.

Sûnder dizze opsje is de jachthaven net rendabel, sa is de eangst fan 't Var. It heechste rjochtsorgaan fan Nederlân wie it hjir net mei iens en hat it bestimmingsplan fan de gemeente yntakt litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)