Jonge rekket part fan hân kwyt
In jonge fan 12 jier fan De Lemmer is in part fan syn hân kwyt, as gefolch fan fjoerwurk. De jonge hie yllegaal fjoerwurk ôfstutsen en rekke dêrtroch ferwûne, meldt de plysje. It ûngelok gebeurde op de Gemini op De Lemmer.