Hearrenfean wint fan Roda JC

SC Hearrenfean hat yn in doelpuntefestival mei 4-3 fan Roda JC wûn. De taskôgers hiene gjin lêst fan 'e kjeld, omdat beide ploegen soargen foar in wier spektakelstik.
De winst op Roda betsjut de tredde oerwinning yn in wike. Earder waarden FC Utrecht en Vitesse (beker) ferslein. Troch de winst stiet de ploech fan Ron Jans no op it fjirde plak yn 'e kompetysje.
Topskutter Bas Dost sette syn ploech yn 'e fiifde minút op in 1-0 foarsprong. Malki brocht de Limboargers yn de 10e minút op likense hichte. Janmaat wie goed foar de 2-1, mar krekt foar it skoft wie kluptopskoarer Malki opnij suksesfol. Yn de twadde helte soarge De Beule foar de 2-3. Mar ynfaller Gerald Sibon en Bas Dost mei syn twadde fan 'e jûn brochten Hearrenfean de folle winst.