Van Riessen folget Oenema op

03 feb 2012 - 22:52

Laurine van Riessen is de nije Nederlânske kampioen op de koartebaan. De ynwenster fan Leiden fersloech yn it Grinzer Alteveer yn de beslissende finalerit Annette Gerritsen. Leslie Koen (Giethoorn) waard tredde en Janine Smit fan It Hearrenfean fjirde. Van Riessen folget Thijsje Oenema op. De ynwenster fan De Jouwer moast hals oer kop út New York komme. De organisaasje fan it NK ferskode dêrom de begjintiid fan 2 nei 4 oere. Troch de snie wiene in protte dielnimmers net op tiid. Sadwaande waard it healwei seizen en koe ek Oenema meidwaan.

Der wiene yn totaal 30 dielnimsters. Thijsje Oenema helle nei in reis fan krapoan 17 oeren de lêste acht, mar doe wie it dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)