Ofskie weryndielingsgemeenten

De boargemasters fan alle belutsen gemeenten nimme tiisdei yn Eagum ôfskie fan de gemeente Boarnsterhim dy't by de weryndieling opheft wurdt. It giet om boargemaster Baas fan Boarnsterhim en Crone, Apotheker en Van der Zwan fan de gemeenten dy't der in stik fan Boarnsterhim by krije.
Ek Arie Aalberts, waarnimmend boargemaster fan de nije gemeente De Fryske Marren, is by de seremoanje. De offisjele byienkomst is dus ek de lêste dei dat de gemeenten Lemsterlân, Skarsterlân en Gaasterlân-Sleat noch besteane.