Dei fan dúdlikens foar EVT

31 des 2013 - 08:13

It is der op of der ûnder tiisdei foar rederij EVT. De rjochtbank yn Den Haach docht om 10 oere útspraak yn it koart pleit dat de EVT oanspand hat tsjin it beslút fan steatssikretaris Mansveld. Sy wol de feartsjinst tusken Harns en Skylge mei yngong fan 1 febrewaris ferbiede.

Rederij Doeksen soe finansjeel net oerein bliuwe kinne troch de konkurrinsje fan EVT. Neffens EVT is it beslút fan Mansveld lykwols yn striid mei de Europeeske wet- en regeljouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)