Man út de bocht op A32

© Omrop Fryslân
In 28-jierrige man út Wilhelminaoord is moandeitejûn út de bocht flein op de A32 by It Hearrenfean-Súd. De plysje krige in melding dat der in automobilist op 'e dyk wie, dy't gefaarlik ried. Efkes letter fleach de bestjoerder út 'e bocht. Hy rekke net ferwûne en hie gjin alkohol dronken.
Op it plysjeburo waard bloed ôfnommen om te sjen oft de man ûnder ynfloed wie fan ferbeane middels. De plysje hat proses-ferbaal opmakke. Ek krige de man in rydferbod fan acht oeren.