Stroetinga en Mouris kampioen

30 des 2013 - 23:13
  • Wim Stroetinga

Hurdfytser Wim Stroetinga is mei syn maat Jens Mouris Nederlânsk kampioen op de baan wurden op it ûnderdiel koppelkoers. Yn de wedstriid oer 40 kilometer yn Apeldoarn pakte it duo Didier Caspers en Melvin van Zijl as earste in rûntsje foarsprong. Letter slagge dat Stroetinga en Mouris ek. De ûnderlinge striid waard dêrnei wûn.

Stroetinga en Mouris sette no har sinnen op de seis dagen fan Rotterdam. It begjint yn Rotterdam op tongersdei 2 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)