Unrêst by Hartman Seisbierrum

30 des 2013 - 19:32
  • De kassen fan Hartman by Seisbierrum

Der is ûnrêst útbrutsen ûnder de meiwurkers fan túnder Hartman yn Seisbierrum, fanwege in brief fan de direksje. De meiwurkers moatte de kommende tiid minder oeren wurkje en krije dus minder lean. De direksje wol net reageare op dit berjocht, mar meiwurkers hawwe kontakt socht mei de fakbûnen. It bedriuw soe besparje moatte.

Jan Kampherbeek fan it CNV wol sa gau mooglik mei Hartman om 'e tafel, omdat it bedriuw net hannelet neffens de regels fan de CAO. Leanen en wurkomstannichheden meie net sûnder oerlis mei de fakbûnen feroare wurde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)