Elektryske fytsen stellen

03 feb 2012 - 21:03

Ut in winkel yn Dronryp binne yn de nacht fan tongersdei op freed 12 elektryske fytsen stellen. De ynbraak yn de winkel oan de Alde Mar moat nachts tsjin fjouweren plakfûn hawwe. De wearde fan it stellen guod is goed 20.000 euro. De eigener fan de winkel hat oanjefte dien. De technyske resjerzje hat spoare-ûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)