Oenema pleatst har net foar OS

30 des 2013 - 19:31
  • Oenema yn aksje

Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer giet net nei de Olympyske Spelen yn Sotsji. Se falt krekt bûten de boat yn de saneamde 'prestaasjematriks'. Dêr stiet se op plak 11, de earste 10 gean nei de Olympyske Spelen. Yvonne Nauta fan Twellingea hat har op it alderlêste momint al pleatst. Sy ried de tredde tiid op de 5 kilometer.

Marrit Leenstra fan Wikel komt yn Sotsji op twa ôfstannen yn aksje: de 1000 en 1500 meter. Antoinette de Jong fan Rottum rydt de 3 kilometer en Ireen Wüst komt, op de 500 meter nei, op alle ôfstannen yn aksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)