Mear 'klanten' foar Buro Halt

buro Halt © ANP
Buro Halt krijt dit jier wat mear minsken mei straf foar fjoerwurkmisbrûk binnen yn ferliking mei ferline jier. Dat docht bliken út de foarriedige sifers fan it buro. Yn Grinslân en Drinte is oant no ta sprake fan in ôfname. Fierwei de measte straffen binne útdield foar it besit fan yllegaal fjoerwurk. Wat de oarsaak fan de taname is yn Fryslân, is dreech te sizzen fynt Halt.