Earbetoan Sicco van Goslinga

Yn de tsjerke fan Doanjum komt in earbetoan oan Sicco van Goslinga. De Fryske steatsman út de santjinde ieu leit dêr yn in praalgrêf. De herfoarme tsjerke út 1777 wurdt op it stuit hielendal restaurearre. Ek it grêf fan Van Goslinga wurdt opknapt. Om toeristen te lûken wol it tsjerkebestjoer en doarpsbelang omtinken jaan oan de politikus en diplomaat, dy't libbe tusken 1664 en 1731.
Op it stuit wurdt der safolle mooglik ynformaasje sammele oer Sicco van Goslinga. Under oaren oer in grêfstien fan de famylje, dy't ûnder de flier leit.
It wie wol bekend dat der in grêfstien lizze moast, mar mei de restauraasje is dy no frij kaam te lizzen. Op de stien steane noch ûnbekende nammen. Ek is der kontakt socht mei de stichting Twickel, dy't kastiel yn Delden yn Twente, beheart. Op dat kastiel hat ea de ferneamde komponist Unico Wilhelm van Wassenaer Obdam wenne en dy wie troud mei ien fan de dochters fan Van Goslinga. It tsjerkebestjoer wol witte wa't no krekt eigener is fan it praalgrêf: de tsjerke of dy stichting. Van Goslinga krige allinne mar dochters en sadwaande stoar it geslacht út.
Hoe't it earbetoan der krekt út komt te sjen, is noch net dúdlik. De hiele restauraasje moat healwei 2014 klear wêze.