Klachten oer fjoerwurkoerlêst
Hast tûzen Friezen ha in klacht yntsjinne by it meldpunt fjoerwurkoerlêst. De measte klachten komme út Ljouwert, folge troch Drachten en It Hearrenfean. It meldpunt is in inisjatyf fan GrienLinks. Dy wol sa oantoane dat in soad minsken lêst ha fan fjoerwurk en yn kaart bringe wêr't dat benammen it gefal is.