Musea Ljouwert lûke soad folk

30 des 2013 - 15:32
  • Fries Museum
  • Bern yn besikerssintrum Woudagemaal

It nije Fries Museum oan it Wilhelminaplein hat dit jier sûnt yn septimber de iepening 64.000 besikers lutsen. Dit oantal is yn 110 dagen teld. It binne folle mear as op de âlde lokaasje yn Ljouwert. Dêr kamen gemiddeld 55.000 besikers yn it jier. It grutte tal besikers in in moaie opstekker foar it Fries Museum. Se wiene yn de prognoazes útgien fan 35.000.

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat ek in goed jier achter de rêch mei 32.000 besikers. De measten kamen foar de útstalling 'Het mysterie Ming'.

Goed 80 persint fan dy besikers kaam fan bûten Fryslân. Dy besikers joegen ek in soad jild út: gemiddeld 70 euro. Dat jout Ljouwert in ekonomyske ympuls fan goed 1,25 miljoen euro, sa hat it keramykmuseum besifere.

It hegere besikerstal past yn in trend yn Nederlân. Oer it generaal ha mear minsken dit jier in museum besocht. Mei elkoar ha alle musea yn 2013 yn Fryslân 862.550 besikers ûntfongen. Dat is in topjier. Natuurmuseum Fryslân helle 62.075 minsken binnen, Museum Belvédère 49.000, it Eise Eisinga Planetarium 45.500 en it Jopie Huismanmuseum 40.500. Tresoar krige 56.282 minsken oer de flier, it Fries Scheepvaartmuseum 28.000, Ald Faers Erfroute 24.598 en Museum Joure 22.650. It Woudagemaal op 'e Lemmer hat dit jier 37.000 besikers lutsen en is dêrmei in populêre attraksje yn Fryslân. It âldste noch wurkjende stoomgemaal op de wrâld wûn earder dit jier de publykspriis ‘Leukste Uitje van Friesland’ yn in ferkiezing fan de ANWB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)