Sjen nei besetting kazerne

30 des 2013 - 12:47

De Fryske brânwacht sil ûndersykje oft op in tal kazernes yn de provinsje oerdeis besetting wêze kin. Sa kin de oanrydtiid by in brân mooglik ferkoarte wurde. Yn de hjoeddeistige situaasje binne in soad kazernes oerdeis leech om't se mei frijwilligers wurkje. By in brânalarm moatte dy earst fan har wurk komme en dat kostet tiid. Neffens de Fryske brânwachtkommandant Johan Postma kin it mooglik in stik flugger troch in oare ferdieling fan de 180 beropskrêften oer de provinsje en oanpassing fan har takepakket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)