Jildaksje foar ôfskied hûn

30 des 2013 - 11:48
  • Maria Bons mei har hûn

De diereambulânse yn Ljouwert sammelet jild yn foar in weardich ôfskied fan de mishannele hûn út Ljouwert. In bistedokter hat dit wykein it bist ynsliepe litten nei't er swier mishannele wie troch twa Ljouwerter manlju. De eigener fan 'e hûn, Maria Bons, hat it finansjeel dreech en dêrom is de aksje opset. Se kaam earder yn it nijs om't se mei har seis bern op strjitte bedarre. De helpynstânsje docht in oprop op ynternet om jild te jaan. De mannen dy't fertocht wurde fan 'e mishanneling moatte takom jier foarkomme.

Troch it nijs oer de mishannele hûn krijt de diereambulânse in soad ekstra telefoantsjes fan minsken dy't lilk binne en mear witte wolle oer de saak. It giet foaral om bisteleafhawwers dy't lilk en fertrietich binne. By de diereambulânse is de dea fan de hûn en foaral it ekstreme geweld dat brûkt is it praat fan'e dei. De diere-ambulânse begjint in nije stifting foar minsken dy't it finansjeel dreech ha en dêrtroch har húsdier net begrave of kremearje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)