Man fêst foar stellen sieraden

30 des 2013 - 11:33

In 25-jierrige Ljouwerter is sneintejûn yn it Drintske Barger Compascuum oppakt nei't de plysje in melding krigen hie dat in auto yn de sleat rekke wie. De Ljouwerter siet yn dy auto en de plysje fûn dêr ek sieraden dy't nei alle gedachten stellen binne. In twadde ynsittende is nei in sykaksje yn de buert oantroffen. Dat wie in man fan 24 jier út Enschede. Beide mannen binne meinaam foar neier ûndersyk en de sieraden binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)