Fertocht fan stellerij

30 des 2013 - 11:22

Yn Garyp hat de plysje sneintenacht in 38-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan it helen of stellen fan guod. Plysjes seagen him riden op in scooter op de Stinswei. It die bliken dat de kentekenplaat by in oare bromfyts hearde dy't neffens de meldkeamer al sloopt wie. De plysje tinkt de scooter stellen is en hat dy dêrom yn beslach naam. De Ljouwerter is foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
plysje stellerij Garyp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)