Ungelokken troch glêdens

Ungelokken troch glêdens © Anton Kappers
Glêdens op de Fryske diken hat moandeitemoarn foar in soad ferkearsûngelokken soarge. Op de Lauwersseewei by Dokkum rekken meardere auto's yn 'e sleat en de berm. Dêrby rekken twa minsken ferwûne. Yn Eastermar botste in auto tsjin in beam troch de glêdens. De 22-jierrige bestjoerster út Eastermar is mei swiere ferwûnings nei it UMCG yn Grins brocht.
Op de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp rekke in automobilist ferwûne. Yn Bûtenpost kamen twa auto's mei-inoar yn botsing troch de glêdens. Dêrby rekke ien bestjoerder ferwûne.