Flyers wint by koprinner

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
De UNIS Flyers ha opnij koprinner Destil Trappers Tilburg ferslein. De útwedstriid waard troch de Feansters mei 3-1 wûn. Yn de earste perioade foelen gjin goals. Yn de twadde perioade soargen Joey Oosterveld en Brock Matheson foar de fertsjinne foarsprong. Troch goed keeperswurk fan Martijn Oosterwijk kaam de thúsploech net fierder as in treffer fan Aaron Lee yn de lêste perioade. Shawn Collymore joech de oerwinning op de koprinner noch wat mear glâns.