Groothuis wint 1000 m op OKT

De 1000 meter foar de manlju is snein wûn troch Stefan Groothuis yn in tiid fan 1.08.51. Op it kwalifikaasjetoernoai op It Hearrenfean waard Michel Mulder twad (1.08.78) en Mark Tuitert tred yn 1.09.17. De earste twa binne wis fan de Olympyske Spelen. Foar Mark Tuitert is dat noch net wis.
Kjeld Nuis wie yn it foar favoryt, mar foel mei in sechsde tiid wat ôf. Ek Koen Verweij koe it lang net oprêde mei in achtste plak. Sjoerd de Vries waard teloarstellend alfde. Jesper Hospes einige as njoggentjinde.