Wüst wint 1500 meter yn Thialf

29 des 2013 - 16:57

Ireen Wüst hat snein mei oermacht de 1500 meter wûn mei in tiid fan 1.53.31. Se ferbettere dêrmei har eigen baanrekôr út 2007. Boppedat wie it in wrâldrekôr op in leechlânbaan. Op it kwalifikaasjetoernoai op It Hearrenfean waard Lotte van Beek twad (1.55.66) en Jorien ter Mors einige op it tredde plak (1.56.04). Marrit Leenstra waard fjirde op dizze ôfstân. Troch de prestaasjematriks mei de rydster út Wikel op de 1500 meter útkomme op de Olympyske Spelen yn Sotsji. Antoinette de Jong waard fyfde en Margot Boer achtste.

Wüst hat no trije tickets foar Sotsji foar de 1000, 1500 en 3000 meter. Moandei hopet se har ek op de 5 kilometer te pleatsen. Lotte van Beek en Marrit Leenstra ha startbewizen foar de 1000 en 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)