Dyk Boalsert-Harns sjippeglêd

Plysje hat hannen fol oan ûngelokken troch winterwaar © Twitter plysje East-Fryslân
De sneldyk tusken Boalsert en Harns is sjippeglêd. Rykswettersteat hat ljochtbuorden pleatst dy't foar de glêdens warskôgje. Op de dyk leit in iislaach dy't net mear opromme wurde kin fanwege de lege temperatuer. Sneon sil dat wer besocht wurde. Op de oare diken yn Fryslân is de sitewaasje ridlik, sa seit Rykswettersteat.