Noed oer stipe grutte tsjerken

Grutte monumintale tsjerken yn Fryslân rinne it gefaar min ûnderhâlden te wurden. As it om ryksmonuminten giet, krije lytse tsjerken makliker ryksstipe as grutte. Foar dy lytse tsjerken binne mear as 70 oanfragen mei sukses yntsjinne. Foar 12 tsjerken mei in begrutting fan mear as 106.000 euro krijt de stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen gjin sudsydzje. De stichting wol no dat grutte tsjerken foarrang krije boppe oare tsjerken as in oanfraach bygelyks al trije kear ôfwiisd is, lykas de roomske tsjerke yn Dokkum.