Resten eksplosyf net ûntploffe

29 des 2013 - 13:37

De resten fan it eksplosyf materiaal dy't de EOD snein yn Wolvegea oantroffen hawwe, wurde net ta ûntploffing brocht. Earder waard dat wol sein. Mar it giet mar om in lyts bytsje en dat wurdt nei it Nederlands Forensisch Instituut stjoerd foar neier ûndersyk. Earder op de moarn wie der in plofkreak by de automaat by de Jumbo-supermerk oan de Markt. Fanwege it gefaar fan it eksplosyf is in grut gebiet ôfset. In boubedriuw is middeis kaam om in oplossing te betinken foar de ûntstiene ravaazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)