Rúzje op autodyk by Marsum

Op de dyk tusken Ljouwert en Marsum is in 44-jierrige bestjoerder út Ljouwert sneontemoarn hast fan de dyk riden troch in oare automobilist. De Ljouwerter helle om goed 9.30 oere yn de buert fan it Shell tankstasjon in Ford Focus yn. By it ynheljen siet in achteropkommende auto ticht op de auto fan de Ljouwerter. Nei it ynheljen drukte de achteropkommende bestjoerder him hast fan de dyk. Troch fûl te remjen koe de Ljouwerter krekt in oanriding foarkomme. De plysje ûndersiket de ferkearsrúzje en siket tsjûgen.
Ek wol de plysje yn kontakt komme mei de bestjoerder fan de Ford Focus.