Man yn Grou lansearre fan quad

29 des 2013 - 10:59

Op de Meester P.J. Troelstrawei yn Grou hat sneontemiddei in ûngelok west mei in quad, in soarte fan crossmotor mei 4 tsjillen. In man fan 28 jier út Grou siet op de quad, doe't de as fan ien fan de tsjillen ôfbruts. De man waard dêrtroch lanseard en rekke in parkearde auto. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe slim oft er ferwûne rekke is, koe de plysje net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)