Krystteam Tsjom: 17.500 euro

29 des 2013 - 09:27

De njoggende radiomaraton fan it Krystteam yn Tsjom hat 17.500 euro opbrocht foar it goede doel. Sûnt 2005 draait in freoneploech út Tsjom en omkriten in wike lang platen foar it goede doel. Ek trede der Nederlânsktalige en Fryske artysten op yn de loads fan in leanbedriuw. Dêr komt faak in soad publyk op ôf. De sinten geane dit jier nei de Chiel-Thomas stichting yn Ljouwert, dy't stipe jout oan handikapte bern en har âlden.

Trefwurden: 
Tsjom krystteam radiomaraton
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)