Plofkreak yn Wolvegea

By de jildautomaat by de Jumbo oan de Markt yn Wolvegea hat sneintemoarn betiid in plofkreak west. Sawol de automaat as de gevel njonken de automaat binne opblaasd. Oft der jild meinaam is, is neffens de plysje noch net alhiel dúdlik. De omjouwing is ôfsetten. De plysje docht ûndersyk. Der binne noch gjin fertochten oanhâlden. De EOD is oankaam om te sjen oft der eksplosiven efterbleaun binne. Dat is it gefal. De resten wurde foarsichtich ôffierd en letter op in feilich plak ta ûntploffing brocht.