Boer oppermachtich op 500 m

Margot Boer hat sneon op de twadde 500 meter har oermacht sjen litten. Mei op 'e nij in tiid ûnder de 38 sekonden, 37.68, wie se de rapste op it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Se is wis fan in ticket foar de Olympyske Spelen yn Sotsji op dizze ôfstân. Twad waard Laurine van Riessen en tred Thijsje Oenema. Annette Gerritsen einige as fjirde. De nûmers twa oant en mei fjouwer witte pas oan de ein fan it toernoai oft har tiid goed genôch is foar in startbewiis op de Spelen.