'Regels fjoerwurk stranger'

In grutte mearderheid fan de Friezen fynt dat de regels foar it ôfstekken fan fjoerwurk oanskerpe wurde moatte. In lytse 20 persint is foar in folslein ferbod op fjoerwurk, hast 45 persint fynt dat fjoerwurk inkeld op spesjale gemeentlike shows ôfstutsen wurde moat. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en 1Vandaag. Fral de hege kosten troch ferwûnings en skea troch it fjoerwurk fine in soad Friezen reden foar in ferbod.
De ûndersikers fregen ek oft Friezen wat fiele foar rommere tiden foar it ôfsjitten fan fjoerwurk. Dat is net it gefal: mar goed 5 persint sjocht dat sitten.