Kramer wint 10 kilometer

28 des 2013 - 16:51
  • Sven Kramer nei syn rit op de 10 km op it OKT

Sven Kramer en Jorrit Bergsma striden sneon om it hurdst op de tsien kilometer op it kwalifikaasjetoernoai op It Hearrenfean. De beide Friezen dienen net foar elkoar ûnder, mar Kramer wie de rapste mei in nij baanrekôr fan 12.45.09. Bergsma kaam dêrnei oer de streek yn in nij persoanlik rekôr fan 12.47.42. Bob de Jong waard tredde mei 12.50.20. Dizze trije mannen binne wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn Sotsji op de tsien kilometer. Foar de 37-jierrige Bob de Jong wurdt it de fyfde kear dat er oan de Spelen meidocht.

Kramer en Bergsma pleatsten har earder al foar de 5 kilometer op de Spelen yn Sotsji. Douwe de Vries waard fiifde yn in nij persoanlik rekôr: 13.04.02.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)