Gjin OS Wiersma en Van Gerner

03 feb 2012 - 17:43

Turnster Celine van Gerner fan turnskoalle Hearrenfean en har trainer Gerben Wiersma binne bot teloarsteld oer it beslút dat se net nei de Olympyske Spelen geane. It gymnastykbûn KNGU jout de foarkar oan Wyomi Masela. Masela wurde mear kânsen op in medaille tatocht.

Van Gerner waard by it lêste WK 12e op de balke. Wasela pakte in 9e plak op sprong. Van Gerner is wol as reserve oanwiisd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)