Omrop Boarnsterstim telt ôf

De lokale omrop Boarnsterstim hâldt op mei it ferdwinen fan de gemeente Boarnsterhim. Dit wykein stjoert Boarnsterstim foar it lêst út mei sneon in spesjaal programma dat ôfstimd is op it ôfskied. In soad frijwilligers en âld-meiwurkers binne derby. It is de bedoeling dat in tal frijwilligers oergeane nei de lokale omrop fan Ljouwert, mar dat is noch net wis. Nei alle gedachten is der net foar elkenien plak. De gemeente Boarnsterhim ferdwynt troch weryndieling mei yngong fan it nije jier.
In soad frijwilligers fan Boarnsterstim wolle allinnich oerstappe as Leo de nije lokale omrop wurdt fan Ljouwert en net Mercurius dy't dat no noch is. Leo en Mercurius stride noch oer de útstjoerlisinsje.