'Oardiel test AD doocht net'

28 des 2013 - 15:09
  • Oaljekoek

Albert Pasveer fan de oaljekoekekream by it Ljouwerter winkelsintrum Bilgaard wie twa wiken goed siik fan de útslach fan de jierlikse test fan it AD. Hy krige de útslach earder al tastjoerd. Syn kream stiet op it 125ste plak. De krante neamt syn produkt 'taai, vet en ranzig'. Dat oardiel doocht neffens him net, de meiwurker fan it AD naam de oaljekoeken mei doe't se krekt út it fet kamen. Hy sei dat se earst ôfkuolje moasten, mei de pûde iepen, mar de meiwurker die de oaljekoeken yn in ôfsletten doas. Dan wurde se taai.

Pasveer seit dat syn resept just hiel goed is. Earder stie hy yn de AD-test op in 26ste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)