Boer docht goede saken op 500m

28 des 2013 - 14:52

By de earste 500 meter hat Margot Boer fan Goaiïngaryp sneon goede saken dien op it iis fan Thialf. Mei 37,64 sekonden wie se de rapste en kaam se as iennige ûnder de 38 sekonden. Winst by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai liket helber.

Laurine van Riessen einige mei 38,32 as twadde, dat wie foar Thijsje Oenema dy't 38,36 ried. De twadde omloop fan de twadde 500 meter is letter op de middei om in oere as fiif. Allinne de winner is wis fan in ticket nei de Olympyske Spelen yn Sotsji.

Trefwurden: 
Thialf reedriden Margot Boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)