Fans meitsje holle fan Derek

It byld fan Derek © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Fans fan Derek Buitenzorg ha sneontemiddei in byld fan it hynder makke en nei de studio fan Omrop Fryslân brocht. Jan Stoelwinder makke út ien blok hout de holle hielendal nei. Hy hat der twa wiken wurk mei hân. Mei Hendrik Westra brocht er it byld nei Ljouwert en yn it programma Sneon yn Fryslân oanbean oan Gerrit de Boer. De sportredaksje kocht Derek doe't it bist nei de slacht moast. Sûnt dy tiid wurdt der hurd oan wurke om in draafhynder fan Derek te meitsjen. Hy docht geregeld mei oan koersen op de drafbaan yn Wolvegea.