Brückenbauer as talint sjoen

28 des 2013 - 13:59

De band Brückenbauer fan De Jouwer is twadde wurden yn de ferkiezing 'Ongekend Talent top 5 fan 2013'. Ongekend Talent is in online medium fan de NCRV dat nije bands en muzikanten út Nederlân en België in poadium biede wol. De redaksje selektearre sels earst tsien bands foar de top fiif fan 2013. It publyk mocht dêrnei stimme op harren eigen favoryt. Brückenbauer krige in goed tûzen stimmen.

Brückenbauer bestiet no twa jier. Foarich jier makke de band namme mei it nûmer 'You make it sound' dat as titelsong foar it Skûtsjesjoernaal brûkt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)