Dwerse winkeldief yn Drachten

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
De plysje hat freedtejûn in 30-jierrige agressive Drachtster yn syn wenplak oanhâlden. Yn in supermerk oan it Kiryat Onoplein hie er net al syn boadskippen betelle. Meiwurkers sprutsen him dêrop oan. Hy besocht te ûntkommen, mar it personiel koe dat opkeare. In wrakseling folge. Mei help fan in klant koe de man ûnder kontrôle hâlden wurde oant de plysje kaam. De plysje hat him meinaam en fûn noch trije wikkels mei harddrugs yn syn klean. Hy is foar ûndersyk ynsletten.