Menamer fandaal oppakt
Meiwurkers fan in diskoteek hawwe freedtejûn op de Bitgumerdyk yn Berltsum in 15-jierrige jonge út Menaam oanhâlden. Hy hie de spegel fan in parkearde auto ôftrape. De jonge is oan de plysje oerdroegen. De eigener fan de auto moat noch oanjefte dwaan.