Fries nûmer 7 oaljekoeketest

28 des 2013 - 08:18

Bakker Vliegendehond fan Wolvegea komt op 'e nij goed út de jierlikse oaljekoeketest fan it Algemien Deiblêd. Dit jier stiet de bakker op nûmer 7 fan yn totaal 153 bakkers. Bakker Jerry Dalstra út Ljouwert stie foarich jier noch yn de rubryk 'Ekonomysk delikt', mar komt dit jier net mear foar yn de AD-test.

Twa oare Fryske bakkers komme lykwols net goed út de test. De Hollandse Gebakskraam op it Museumplein yn Drachten stiet op nûmer 103 en skoart in 'Unfoldwaande'. Op nûmer 125 yn de rubryk 'Min' stiet Oliebollenkraam Pasveer yn it winkelsintrum Bilgaard yn Ljouwert. It AD skriuwt 'Treurig stemmend verkooppunt waar het klungelen tot kunstvorm is verheven'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)