De Vries ferkeapet syn skûtsje

IFKS skipper Hilbrand de Vries fan Langwar ferkeapet syn skûtsje de 'Stêd Sleat'. De skipper hat syn skip op Markplaats setten. De Vries sylde 35 jier yn de C- en de B-klasse, mar fynt it no wol goed. It skip moat 55.000 euro kostje en dat is net in soad jild, sa fynt er sels.
De Vries hâldt op mei it silen om't de organisaasje him te folle wurdt. Benammen it regeljen fan in goede bemanning is in hiele toer foar in skipper yn de B-klasse. Boppedat die er mear foar de gesellichheid mei as om it winnen.